De FNP-ers; Klaas Visser (riedslid), Corrie Bergstra (riedslid), Douwe Blom (riedslid) en Tryntsje Wester (fraksjemeiwurker) binne op petear bij de minsken fan Patyna; Ton Renckens (lokaasje manager fan de Ielânen en de Soarchwenningen fan de Waterman en de Anna Paulownastraat) en Machiel Talsma (programma manager húsfesting)
De Ielânen bestiet hast 40 jier, it begjin wie yn 1978. De tiden binne feroare en de fraach nei soarch ek. Âldere minsken bliuwe langer thús wenjen en wy wurde mei-inoar ek âlder. Hjir moat de soarch op ynspylje. De Ielânen hat noch altyd in progressyf konsept mei in dúdlike fyzje foar demintearjende âlderen. De pasjinten kinne hjir frij rûn rinne, allinne de bûtendoar sit op slot. Alles is bygeane grûn, de ferskillende ôfdielingen binne troch gongen mei inoar ferbûn, fan wol 1 km. Ynsluten binne moaie binnentúnen, sadat de minsken dochs bûten komme kinne.
It kompleks is einliks in lyts doarp, it beslacht sa'n 10,5 ha grûn inkl. de sleatten. Mei de bernebuorkerij en it yn oanbou kantoargebou fan Patyna bestrykt it 11,8 ha. Fan túnbedriuw Donker oan't de Worptjaardastrjitte ta.
Eartiids wennen de minsken op 3 á 4 persoanskeamers, dat is yn 2009 werom gien nei 1 á 2 persoanskeamers. Dit binne minsken fanôf soarchswierte 5 o/m 10, dy freegje in protte soarch en binne slim siik. It grutte gehiel wurdt lytsskalich opdield. Minsken dy't yn de takomst yn it ferpleechhûs opnaam wurde, wenje op in 1 persoansappartemint. De gemiddelde leeftiid leit boppe de 85 jier. De gemiddelde tiid dat hja der wenje is ek nei ûnderen gien; eartiids 6 ½ á 7 jier, no in pear moanne oant 1½ jier.
Neist de ferpleech ôfdieling is der ek in ôfdieling foar refalidaasje fan 25 plakken. Dizze pasjinten gean sa gau mooglik wer nei hús as hja harren wer rêde kinne.
Troch alle feroaringen yn de Wet Langdurende Zorg (WLZ), de WMO en de Soarchfersekeringswet giet it oantal pasjinten werom fan 120 nei 70. De bouplannen binne dêr op rjochte. De ferwachting is dat yn 2018 de skeppe de grûn yn kin en dat it ein 2020 realisearre is.
De nije Harste Hoeve sil dan bestean út 70 soarch apparteminten en op it terrein komme senioaren wenningen, wêrfan b.g. ien fan beide partners demintearjend is. Hja kinne dan byinoar wenjen bliuwe. De geriatryske refalidaasje wurdt ek konsintearre op de Harste Hoeve. Yn de takomst sil Patyna twa spesjalistyske ferpleechhuzen telle; Bloemkamp te Boalsert en Harste Hoeve te Snits.
De grutste útdaging foar de takomst is: Heech kwalifisearre personiel te ferkrijen!
Om goed kontakt mei de opliedingen te hawwen is wichtich. Sa lizze der kontakten mei ROC Friese Poort en it Nordwin College. ROC Friese Poort brûkt ek lokalen en harren oplieding "Soarch" fynt hjir ek plak.
Wat kin de Rie foar it ferpleechhûs betsjutte?
De wethâlder, dy't fergunningen yn de portefeuille hat, sit yn ien fan de wurkgroepen. Rêchdekking fanút de Gemeente is wichtich. De Rie kin meitinke yn oplossingen, helpe yn it opromjen fan behinderingen. Systemen binne net altyd op inoar ôfstimme.
Hoe tinke de mannen fan Patyna oer de Wenfyzje? Kinne hja harren deryn fine?
Foar harren stie der net genôch yn oer wenningen mei Soarch. Hja ha tekst oanlevere om hjir yn te foarsjen.
Nei in goed oere praten binne wy wer hielendal op de hichte fan de bouplannen fan de Ielânen en de útdagingen wêr't it management foar stiet. De riedsleden kinne mei dizze eftergrûn ynformaasje harren wurk yn de Rie en de kommisjes goed nei foaren bringe.
Ferslach Tryntsje Wester (21-04-2017)