Oanwêzich fan de FNP Súdwest-Fryslân; Sicco Rypma (riedslid), Jikkie Ruiter (kommisjelid), Liskje Flapper (skaadfraksjelid) en Tryntsje Wester (fraksjemeiwurker).
Sintraal yn it petear mei de Doarpbelangen stean de
ûnderwerpen; glêsfezel foar Nijehuzum en in fytspaad fan Hieslum nei Nijehuzum.
Oare wichtige ûnderwerpen foar de Doarpsbelangen binne; de leefberheid yn it
doarp behâlde, hierwenningen behâlde foar it doarp. Wifi hat ek alles te krijen
mei leefberheid, toeristen freegje direkt: "Is hjir ek Wifi".
It fytspaad fan Hieslum nei Nijehuzum: Doarpsbelang Hieslum - Parregea is hjir al moai wat jierren mei dwaande, noch fan foar de gemeentlike fúzje en ha no Sandra van Assen as adviseur yn de earm naam. Sandra hat de plannen dy't der lizze sammele en yn in boekwurkje ferwurke. Dit konsept is bij Tolsma, de kontaktwethâlder, yn de hjerst fan 2014 oanlevere. Dêr ha hja noch neat wer fan heard. Sandra sil no fjirder meitinke en sjen wat der oan belied leit bij de Gemeente en de Provinsje.
It giet einliks om twa stikken fytspaad om in rûte Nijehuzum, Hieslum, Tsjerkwert, Makkum mogelik te meitsjen. Ien stik fan sa'n 1500 m fan Hieslum nei Nijehuzum dat oanslút op de kavelpaden fan de boeren. In twadde stik fan Tsjerkwert lâns it Fan Panhúskanaal (oer de Polderdyk) nei Makkum. Dizze rûte giet troch in prachtige streek mei de âlde Hemdyk en droech leine marren. Dit âlde lânskip is hast net mear bekend bij de eigen ynwenners en gasten. It giet ek net om massa Toerisme, mar om de doelgroep fytsers en natuerleafhawwwers.
It tot stân kommen fan it Brekkepaad fan Nijehuzum nei Âldegea hat in opleving betsjutte foar dizze streek, trochdat der nije inisjativen ûntstiene û.o. de ferkeap fan boereniis, theeskinkerij of kofjehúske, boerenkempings ensf. Foar de skoallebern dy't nei Snits nei it Fourtset Ûnderwiis fytse en foar de ynwenners is it ek in moaie feilige rûte.
Foardat hja fjirder gean mei de plannen is it tige belangryk om oare belanghawwenden te freegjen hoe't hja der oer tinke. De grûneigners wêr it fytspaad oer komme kin en de Doarpbelangen om it fytspaad hinne; Tsjerkwert, Blauhûs, Nijehuzum en Pleatselik Belang Warkum. Dizze Doarpsbelangen kinne ek frege wurde om tekst oan te leverjen foar it konsept plan. Oare organisaasjes sa as Streekwurk en Tsjerkepaad kinne ek ynformaasje oanleverje. Oanknoopje bij KH2018 is misskien ek in idee ûnder it kopke "gastfrij Fryslân".
Hja sille it konsept ek tastjoere oan Wim van Gorkum fan Streekwurk. De plannen sille hja fjirder mei de doarpekoördinatoren; Yvonne Sieswerda (Hieslum), Jaap Wittermans (Nijehuzum), Wim van Gorkum en de wethâlder beprate.
Earst sil Doarpbelang Hieslum - Parregea mei de
grûneigners/ boeren om tafel gean en de plannen foar it fytspaad foar lizze. Yn
gearwurking kin it misskien oanlein wurde, in gedielte ruilverkavelingspaad soe
brûkt wurde kinne. As it ûnder de namme "boerepaad" oanlein wurdt, kin it fêst
goedkeaper as in dyk (fytspaad).
De nije Gemeentlike Begrutting wurdt yn septimber opsteld. Foar juny (korreksje) sil it plan ynlevere wurde moatte, sadat it noch meinaam wurde kin yn de PPN (Perspektyfnota). De PPN wurdt yn juny yn de kommisje B&F behannele. Binnenkoart sil der in gearkomst opsetten wurde foar de bestjoeren fan de oanlizzende Doarpsbelangen en Pleatselik Belang. Mei in goede presintaasje sille hja besykje mear minsken enthousiast te meitsjen. Hja sille op syk nei in saakkundige, dy't in begrutting opmeitsje kin. Doarpsbelang freget har ôf oft it ek better is, dat de Provinsje en de Gemeente sels mei in begrutting komme? De FNP hat wol ûnderfûn, dat inisjativen út de Mienskip, kant en klear oanlevere, folle sneller gean.
Der is foar Doarpbelang Hieslum - Parregea noch hiel wat wurk te fersetten; û.o.
1. Oerlis mei de grûneigners, in yntinsjeferklearring opstelle.
2. Offertes opstelle (der leit ek al in stik ruilferkavelingspaad, dat levert de boer yn).
3. Doarpbelangen ynformearje.
Nei dizze tariedings kin de Polityk útnoege wurde. It stiet of falt mei draachflak!
Hoe stiet it mei de doarpsfisy ‘s? De doarpsfisy fan Hieslum-Parregea wurdt dit jier fernijd en dat fan Nijehuzum yn 2016. As FNP jouwe wy harren graach in pear praktyske tips:
- as minsken "Googlejen" gean dan moatte hja it plan fan it fytspaad fine kinne.
- de doarpekoördinator kin frege wurde te ûndersykjen oft de kavelpaden brûkt wurde meie foar fytspaden kwa bestimmingsplan.
Glêsfezel: Yn Nijehuzum e.o. ha hja ferlet fan snel Ynternet troch de oanlis fan glêsfezel. Der leit wol in breedbân oansluting, mar dit is in âlde koperlijn út 1950. Dizze is technysk op en levert in minne, trage oant gjin ferbining. De oanlis fan glêsfezel giet wol om grutte bedragen en om lange ôfstânnen, lâns brêgen en troch diken. De doarpen dogge sels it graafwurk, in geul grave kostet al gau tusken de €80.000.-- en de €90.000.--. Is de oanlis troch it rioel ek in mooglikheid?
Roelof Fopma hat kontakt opnommen mei Fryslân-Ring, dy't op it stuit yn Rien en Itens glêsfezel oanleit. Fryslân-Ring hat al in ynformaasjejûn holden foar de ynwenners fan Nijehuzum, It Heidenskip, Gaast en Ferwâlde, koart neamt klúster Nijehuzum. In eask is dat 70 % fan de oanslutings meidocht en Doarpsbelang Nijehuzum sil no mei formulieren bij de doarren lâns om yntinsjeferklearringen op te heljen. Dan folget noch in ekstra ynformaasjejûn om de ferskillen mei no "earmoedïge ferbining" oant yn de takomst "tige snelle ferbining" dúdlik te meitsjen. As it dan troch giet, wurdt der in plan "projekt klúster Nijehuzum" makke. De kosten binne sa'n €10.000,-- per oansluting, de Gemeente draacht €500,-- per oansluting bij. It grutste bedrach sil liend wurde moatte, de helte bij de Provinsje en de oare helte bij in bank, útsmard oer 30 jier. De gebrûker is dus sels eigner en lid fan in glêsfezel koöperaasje. Grutte kabelbedriuwen sa as UPC en Ziggo wolle yn dizze ûnrindabele gebieden net oanlizze. As der dan gjin alternatyf is, giet de leefberheid achterút. In oar alternatyf, wat wol brûkt wurdt, is in 4G of 5G ferbining. Dit giet fia de satelyt en is frij kostber en der sit in fertraging op.
Fia oanlis fan glêsfezel is de Krimp te stjoeren, net tsjin te hâlden. It wurdt wer oantreklik foar ûndernimmers, nije bedriuwen kinne harren op it plattelân fêstichje yn leechsteande pleatsen. It giet hjir dan wol om de saneamde "wite" gebieden, dêr wol de Provinsje wat oan dwaan. Yn de Gemeente Súdwest-Fryslân hat wethâlder Offinga it yn de portefeuille. Wy sille it wer bij him ûnder de oandacht bringe. De ûntsluting troch glêsfezel hat ek oare foardielen, de Soarch kin der ek gebrûk fan meitsje.
Pilots binne: de Brekkenpolder bij Lemmer, Rien / Itens, Lange Lille yn Súd-East Fryslân. Hjir kin Doarpsbelang Nijehuzum ynformaasje weihelje en harren foardiel mei dwaan. Earst wachtsje hja de Doarpbelang gearkomst ôf, hjir kinne hja hifkje hoefolle belangstelling der foar is. 100 % fan de Nijhuzumers komt hjir, dus dan witte hja mear.
Út namme fan de doarpsbelangen betanket Herre Heeres de FNP foar de besite oan harren. Hja ha alle help en stipe nedich. Ek Sandra van Assen ferstjinnet in tankwurd foar de dúdlike útlis oer it fytspaad.
No binne wy as FNP wer in stik wizer wurden oer de plannen dy't bij dizze Doarpsbelangen libje. Wij sille harren stypje wêr't wy kinne. In leefber plattelân stiet bij ús heech yn it faandel.
Ferslach troch Tryntsje Wester (25-02-2015)