Ferslach fan de wurkbesite fan de FNP Súdwest-Fryslân oan It "Arbeidscentrum" te Snits op woandei 11febrewaris 2015.

De deibesteging yn it oergongsjier !
De FNP-ers; Klaas Visser (riedslid), Corrie Bergstra (riedslid en fraksjefoarsitter), Douwe Blom (riedslid) en Tryntsje Wester (fraksjemeiwurker) binne op petear bij Tjallie Fokkens (operasjoneel manager) en Jan Tjeerd ten Hoeve (begelieder) bij de deibesteging "Arbeidscentrum" te Snits.



Tidens de Krystmerke wienen de feroaringen  te praat kaam en noege Tjallie Fokkens de riedsleden út om in kear kommen te praten.

Dizze reorganisaasje (transysje nei de Gemeente) feroarsaket "rûs" under de meiwurkers en de kliënten.

Dit jier besjogge hja as in oergongsjier, want der feroarret safolle. De yndikaasje foar de P.G.B. (Persoonsgebonden budget) en de finansiering giet oer nei de Gemeente. It ferfier moat oars betelle wurde. It sintrum moat kommersjeler wurkje. GEDC1704


Op it Arbeidscentrum wurkje 70 minsken mei in lichte beheining yn de leeftyd fan 17 oant  65 jier fan 8.30 oere oant 16.30 oere.

Troch de besunigingen gean hja mei minder begelieders op mear kliënten wurkjen. De besettingsgraad wurdt 1 begelieder op 8 kliënten.                  

Ûntslagen falle der net want ien begelieder syn tiidlik kontrakt wurdt net ferlenge en gelokkich hat hij nij wurk fûn.

En troch natuerlik ferrin giet der ein maart in begelieder mei pensjoen.
It sintrum falt ûnder de koepel Alliade en is neamt "Wil". De kliënten wurkje yn ferskillende groepen; in grienline, de ketering, in túnploech, in autowask ploech, in ynpak ôfdieling, in kreative ôfdieling en de bakkerij. Fanút dit begelied wurkjen siket it Arbeidscentrum ek banen yn de Mienskip bij fersoargingshûzen, winkels en it bedriuwslibben.

De yntegraasje yn it bedriuwslibben moat hjir foar waarm makke wurde.
Dat it Arbeidscentrum ûntsettend goed wurk leveret, moat noch tusken de earen fan de bedriuwen / organisaasjes komme.

De bakkerij sil sa draaie moatte, dat de aktiviteiten ten minste út kinne.

Hja komme mei heerlike appeltaart en oare taarten op de merk. It kosttet wol in protte tiid om de kommersjele tak foarm te jaan.

Foar de meiwurkers is it ek in omskakeling, hja binne oplieden foar de "soarch" en dêr komt no in kommersjele tak bij.

Hja binne tûzendpoaten oan it wurden. GEDC1709


Troch besunigingen op de P.G.B. giet de deibesteging fan 8 deidielen nei 6 deidielen. Minsken komme dan 2 deidielen thús te sitten.

De kliënten binne op it wurk lokkich en moatte net thús sitte. En as hja thús sitte, wa sjocht nei harren om? Mantelsoarch fan âlders of frijwilligers? De kliënten fine it earst misskien wol fijn om thús te sitten mar op de lange doer feriensumje hja en krije minder kontakten.
Dit jier is de oergong fan de bekostiging nei de Gemeente. Troch petearen tusken in amtner en de kliënt wurdt op é nij fêststeld wat dizze nedich ha. De âlders of famylje wurdt oanred mei te gean nei it petear, kliënten oerskatte harren sels faaks. B.g.In kliënt fertelt  "Ik wurkje yn in bakkerij", mar hij ferjit der bij te fertellen, dat de begelieder op de maatbekers streepkes set hat. De amtner moat dit ynskatte kinne. It nivo fan de minsken mei in ferstannelike beheining hjir op it Arbeidscentrum skommelt fan midden nei in heger nivo.
It besunichjen moat ek wol, mar de organisaasjes binne der noch net op klear. Súdwest-Fryslân hat in ferskriklik soad minsken, dy't út dizze pot wat ha moatte. Ek fanôf jan. 2016 kin it ferfier net mear út de yndikaasje betelle wurde. It sil oars moatte, de kliënt of de âlders fan de kliënt sille sels bijdrage moatte. Ferhúzje tichter bij it wurk is ek altyd net mooglik, der is net genoch plak yn "beskerme wenjen".
De deibesteging sil antisipearje moatte op minder jild! It Arbeidscentrum siket kontakt mei de wyksintra en buerten. Yn wyksintra en buerthúzen kinne de kliënten ek hiel goed wurk dwaan, mar dan sille hja wol begelied wurde moatte. Hjir binne frijwilligers út de wykferienings foar nedich en dizze minsken sille coached wurde moatte. De begelieders sille dan ek ris wykeins en jûns wurkje moatte. In foarwearde is wol dat it begelied wurkjen fan de kliënten op it Arbeidscentrum goed slagget, dernei kinne hja de merk op. GEDC1706


Op it stuit is de doelgroep ûnseker en dêr wurde hja drok fan. Dit jier sil útwize moatte hoe alles komt, it jier fan de wierheid.

Soargen ha de begelieders wol oer de doelgroep, dy't sesstannich wennet en straks mear thús komt te sitten.

Hja kinne samar slachtoffer wurde fan kweawollenden.
De deibesteging sit einliks yn in "Woud" fan problemen. Dizze oergong nei de Gemeente is in "mega" klus.

De ekperttiims ha goed wurk levere, mar de link mei de praktyk is noch net trochfierd.

No is der in buro ynhierd dy't de "keukentafelgesprekken" begeliede sil.

Gelokkich is wethâlder Sjoerd Tolsma goed ynfierd yn de matearje.
De gebiedstiims binne foarsteld. Tjallie en har meiwurkers binne hjir hinne west.

 It wurkjen mei gebiedstiims baart harren wol soargen.

De minsken (kliënten) en de meiwurkers krije in hiel oare rol.Dit moat wol goed folge wurde. 

                                                                                           

Hoe komt it straks mei de kliënten dy't fan skoalle komme. Hja moatte harren sels oanmelde en as hja dat dan net sels dogge?
Nei in goed oere praten binne wy trochdrongen fan de problemen dy't troch de feroarings op it Arbeidcentrum ta komme.

Oan it ein fan it jier sille wy noch in kear kontakt opnimme en freegje hoe oft it earste jier ferrûn is.

Fansels kinne hja altyd en earder de Polityk oansprekke. As der wat is, kinne wy wat foar harren betsjutte.
Wy betankje harren foar dit iepenhertich petear en krije noch in rûnlieding troch it sintrum.

De lekkere taarten moatte wy fansels ek efkes priuwe en wy gean net mei lege hannen nei hûs.
Ferslach troch Tryntsje (14-02-2015)



2023 FNP Fryslân - Disclaimer