Wurkbesite FNP-fraksje oan it wykplatfoarm Noarderhoek yn Snits.

Tongersdei 20 april ha Klaas Visser en Corrie Bergstra foar de FNP-fraksje in wurkbesite brocht oan Nel Veldman en Jan Adema fan wykplatfoarm Noorderhoek yn Snits.

 

Nei in koarte útlis oer dat it wykplatfoarm, it bestjoer bestiet út 9 persoanen, der alles oan docht om de leefberens yn de wyk te befoarderjen en dat dit ek altyd nedich bliuwe sil.

Dan gau nei bûten, der is in soad te sjen yn de wyk de Noorderhoek.

De nije enerzjysunich boude huzen, mei sinnepanielen op de daken, de strjitten dy't op ‘e nij ynrjochte binne.

Nije beplanting is krekt oanbrocht, beammen en ek prachtige strúken.

Dan oer it terrein fan it AZC, nei de ‘Natuurontmoetingstuin', dy't oanlein wurdt troch frijwilligers en bewenners fan it AZC mei û.o. fruitbeammen, 2 Mutsaards wêre fûgels en ynsekten har plakje 

Learlingen en learkrêften fan de skoalle de Diken einekoeren makke en pleatst ha.

Bern fan de Johannes Postskoalle mei de fûgelwacht fûgelkastkes yn de tún ophongen ha.

De tún wurdt 1 july offisjeel iepene ,mar ein desimber wie der al in midwintermoeting en der is ek al drok troch bern út de wyk en it asylsikerssintrum nei peasaaikes socht .

De "Natuurontmoetingstuin'is ien fan de aksjes fan it wykplatfoarm om foar ferbining yn de wyk te soarchjen en de leefberens te fersterkjen.

Yn gearwurking mei alle ynstânsjes yn de wyk.

Sa wurdt der ek  mei bern fan de Johannes Postskoalle elke wike swerfôffal ophelle.

Dan nei it transformatorhúske, dat troch ynset fan it wykplatfoarm de sloop oerlibbe hat.

It wurdt no ferboud.In unyk plakje yn de Noarderhoek.

It waar wurke mei, mar troch de positive ynstelling fan dizze fertsjintwurdigers fan it wykplatfoarm Noorderhoek, mei harren ferhalen fleach de tiid en wie it samar in pear oerkes letter. Nel Veldman en Jan Adema tige tank foar jim tiid, it wie in noflik petear.

 

fnpswf corry bergstra

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Corrie Bergstra

 

 



2023 FNP Fryslân - Disclaimer