Wy ha in petear mei direkteur Seerp Rypkema en adjunkt Fedde Eringa oer de deistige praktyk fan dizze trijetalige skoalle. Seerp Rypkema is direkteur fan de Kr.B.S. Van Haersma Buma skoalle mei 90 bern en de CBS De Twatine te Gau mei 65 bern. Beide skoallen binne sertifisearre trijetalige skoallen. Trije talen is tige wichtich en hat oantoande foardielen op de taalûntwikkeling en begripend lêzen fan de bern. Hjir sille wy mear fan hearre.
It is tige wichtich dat bern harren ûntwikkelje yn mear talen. De trijtalige skoalle is al starten yn 1997, de tiid dat Joop de Boer direkteur wie. Ferline jier is hij spitichgenoch ferstoarn. Earst wie de VHB skoalle in twatalige skoalle, bern kamen faaks noch ientalich op skoalle werfan 75% Frysk- en 25% Nederlânsk talich. Dernei is it Ingelsk derbij kaam om it mear ynternasjonaal te meitsjen.
Foar it brûken fan de trije talen as fiertaal ha hja ôfspraken makke. De taal moat goed oanbean wurde, telkens oerskeakelje is net goed. Yn de deidielen wer't b.g. de Fryske taal brûkt wurdt, moat dat ek konsekwint barre. Nederlânske bern leare sa de Fryske taal op in goede manier en oarsom is it ek it gefal.
Yn de groepen 1 en 2 is it gebrûk fan Frysk en Nederlânsk as fiertaal 50% - 50%.
Yn de groepen 3 en 4 is it gebrûk fan Frysk en Nederlânsk as fiertaal 30% - 70%
Yn de groepen 5 en 6 is it gebrûk fan Frysk en Nederlânsk as fiertaal 30%-70%
Yn de groepen 7 en 8 is it gebrûk fan de fiertaal; 30% Frysk, 50% Nederlânsk en 20% Ingelsk.
Tiisdeis is troch de hiele skoalle de Fryske dei en yn de boppebou (groep 7 en 8) ha hja 1 deidiel Ingelsk as fiertaal. Fanôf groep 1 wurdt it Ingelsk oanbean as fak.
Dit jier ha hja meidien oan in Pilot neamd "MySchoolsnetwork", dit is in beskerme digitale omjouwing, in soad Facebook foar basisskoallen. Hjirtroch kinne de bern kontakten lizze mei bern út oare gebieten mei minderheidstalen om de Ingelske taal te stimulearjen. Alle bern ha de beskikking oer Internet en it brûken fan in tablet.
Ek ha hja meidien oan de wedstriid om it moaiste Fryske wurd, hjir binne hiele moaie wurden út fuortkaam mei filmkes en gedichtsjes.
As âlders harren hearre litte en it Frysk net nedich fine, ferwize hja nei harren beliedsplan. Hjir hâlde hja har oan, de skoalle besiket dizze âlders te oertsjûgjen mei dat 3 talen-ûnderwiis oantoande foardielen hat foar de taalûntwikkeling.
Skores toane oan dat de talen elkoar fersterkje. Fan Begripend Lêzen wiene de risseltaten tige goed en de taal kant leit op it lânlik gemiddelde. Bern fan 2 o/m 7 jier binne it taalgefoelichst om mear talen te learen. Hja begjinne mei wurden en fanôf de middenbou wurde it sinnen. Dit stiet beskreaun yn it taalbeliedsplan.
Hoe stiet it Fuortsetûnderwiis tsjinoer de Trijtalige skoalle? De bern fan de VHB skoalle komme mei in heech nivo Ingelsk nei it Fuortsetûnderwiis. Bogerman woe wol in aparte klasse starte mei in heech nivo Ingelsk talige bern, mar oan't no ta is dat noch net slagge.
It Netwurk Trijetalige Skoalle, wêr't de VHB yn partisipearret, giet hjir fjirder mei dwaande. Ek soe it Fourtsetûnderwiis (Bogerman) mear differensearre wurkje wolle, hjir op binne hja harren oan it oriëntearjen.
Giet de VHB wolris mei harren bern derop út? Ja dat kin ek troch it projekt "Groen Doen". Dit projekt wurdt oanstjoerd troch "Mar en Klif" yn Alde Marrum. Hjir kinne basisskoallen NME (NatoerMiljeuEdukaasje) leskisten liene. Sa komme hja ek bij it Heempark yn Heech. In oare manier om de bern te learen oer harren eigen omjouwing is gasten út te noegjen om yn skoalle te fertellen oer de skiednis fan de streek.
Hoe stiet it mei de takomst fan de skoalle? De skoalle yn de Hommerts-Jutryp is mei harren 90 bern ridlik stabyl en kin mei 4 groepen draaie. In oar ferhaal is it yn Gau, dy skoalle telt no noch 60 bern. Yn de Legean binne noch twa oare skoallen; Sybrandabuorren mei 40/45 bern en Tersoal mei 35 bern. It soe moai wêze dat der ien skoalle ûntstie yn de Legean foardat der straks ien slute moat.
Dit jier hantearret de VHB ek it kontinu roaster fan 8.30 oere oant 14.15 oere. Dit hâldt yn dat de bern tusken de middei op skoalle mei de eigen learkrêft ite en nei in koarte pauze wer fjirder gean mei de lessen. Yn de ûnderbou helpe de âlders by it iten en yn de pauze. Ek binne der spultsje foar op it plein oanskaft foar de pauze. Foar de bern is dit folle better. De rêst yn de skoalle is better, earder duorre it skoft te lang wêrtroch maklik rúzjes ûntstiene. Ek nei skoalle kinne de bern nei de opfang yn it doarphûs, dy feilich te berikken is troch in brêchje. De âlders hiene in belangrike stim yn de feroarings en de MR moast ynstimming jaan.
Foar de learkrêft is it wol oanpoatsjen, jo moatte goed fit wêze. Om 14.15 oere hat de learkrêft ek ferplichte in kertier rêst, oant 17.00 oere kin de tiid dan brûkt wurde foar taridings fan lessen, oerlis mei kollega's en gearkomsten.
Hat de skoalle ek winsken foar de polityk? Dat ha hja wol! Der binne nije toetsen foar Frysk ûntwikkele troch it LVS (Learling Folch Sisteem) Cito. Hjir moat foar betelle wurde en dêr is gjin budzjet foar. Foar Taal, Rekkenjen en Begripend Lêzen wol, dit is ferplichte, mar foar Frysk en Ingelsk net. It is wol belangryk ek it Frysk te toetsen, mar it bedrach moat wol út de "gewoane" middels. Is der ek in potsje bij de Gemeente foar sokke saken? Wy sille de wethâlder der nei freegje! Út neifreegjen hearre wy dat wy dan bij de Provinsjale Steaten wêze moatte, bij deputearre Sietske Poepjes.
Ek kin de Trijtalige Skoalle stipe brûke oan alle kanten, faaks binne it ek lytse skoallen. Lytse skoallen, dy't faak groepstrochbrekkend mei ynstruksje mominten wurkje, wernei de bern selstannich fjirder wurkje kinne. De kwaliteit stiet heech yn it faandel by dizze skoallen. Yn Fryslân binne no 90 Trijtalige Skoallen. Troch de Krimp ha ek dizze skoallen it swier.
Trijetalige skoallen yn Fryslân. Boarne www.sintrummeartaligens.nl
De VHB skoalle hat ek goede kontakten mei de buertsportcoachen, dizze jouwe stipe bij sportaktiviteiten en ha holpen de learline gymnastyk goed op te setten.
Nei in goed oere praten is it heech tiid om efkes yn in groep te sjen want it rint al tsjin de moarnspauze. Yn groep 7,8 ha hja krekt mei de tablet wurke, dy't o sa geskikt is om spelling en rekkenjen mei te dwaan. Fansels binne der folle mear mooglikheden, ek YouTube wurdt wolris opsocht.
Wy binne ûnder de yndruk fan de "beflogenheid" fan de learkrêften en betankje harren foar de tiid en it petear. Wy ha suver in koarte opfriskursus oer de Trijtalige Skoalle hân. Tige Tank foar de ynformaasje.