Kollum wike 01 – 2021

De Oaze

 

Yn de jierren '80 rieden we troch de Nevada woestyn rjochting Las Vegas. Rjocht út rjocht oan, heuvel op heuvel ôf, links en rjochts sân en nochris sân. De reis duorre lang, alle kearen at der wer in heuveltop berikt wie, seagen we út op in ûneinige hoarizon. Pas nei oeren riden en yn de leechte sjen, kaam de gokstêd yn sicht, in the middle of nowhere. It wie in frjemde reis want we hienen hiel lang gjin inkeld beaken hân om op te koersen.

Dat is hjir wol oars. Hieltyd mear minsken pakke de fyts, e-bike of rinskuon om fan de moaie omjouwing te genietsjen. Jo dogge dat faak mei in foarôf plande rûte en eindoel. Hoe langer de rûte, hoe mear ferlet fan beakens der is om op te koersen. Sa binne bygelyks tsjerketuorren in ideaal mikpunt. Jo binne jo dan bewust: dêr wol ik hinne. Of sa't fisjonêrs sizze: "de stip op de hoarizon".

Der binne hjoed-de-dei hiele wichtige beakens om jo op te rjochtsjen; mei namme at it om jo sûnens,  wolwêzen of wurk en de ekonomy giet. Ien beaken stiet as in peal boppe wetter en dat is de dei dat de prik setten wurdt, mar ek dat de winkels en hoareka wer iepen meie, de dei dat de druk op de soarch ferdwynt en dat we wer spontaan byinoar op besite kinne.

Ferline jier rieden we yn in woestyn sûnder beaken, dit jier koerse we oan op in oaze. In lokkich en sûn 2021 tawinske.


Sicco Rypma



2023 FNP Fryslân - Disclaimer