We hawwe it hjir oer de, yn en fan hout libjende, ynsekte-larve, de Xestobium rufovillosum, yn de folksmûle better bekend as Houtwjirm. It bistje boarret gongen yn houten flierren, meubels, spanten fan pleatsen, tsjerkebanken, de Jouster Toer, de sipel fan Deinum, de Snitser Brêgen en de toer fan it Boalserter Stedshûs. It fermealle hout fine jo oeral werom as môge; de rûne gatsjes yn it hout binne útflean-iepeningen fan de ta kever útgroeide larve. Krekt as by de flinter dy't earst pop wie.
Omdat se de boel slope wurde kjifkrobben aktyf bestriden. Foar de partikulier binne der húsmiddeltsjes sa as ynsmarre mei peteroalje. Mar der binne ek spesjalisearre bedriuwen dy't de kjifkrobbe profesjoneel te liif geane; bygelyks mei hjitte lucht, ynjeksje mei gif of fergasse. Fierder binne der alderhanne middeltsjes te keap, fan in spuitbus ‘HG doet wat u wil' foar €. 10,63 oant in ‘Bestrijdingspakket' mei gif, masker, spuit, overal, beskermbril en wurkwanten. Dizze leveransier advisearret om it houd (ja mei in d) earst skjin te meitsjen. Priis foar dit pakket: €. 139,99.
Der is de lêste jierren miljoenen útjûn oan restauraasjes fan, troch houtwjirm oantaaste, monuminten. Dus is it alderbêste dat jo it fóar binne, dat ‘r de kâns net kriget. Jierren lyn seach ik alris in oersicht wêryn my opfoel dat mei namme PKN tsjerken it bokje wiene. Dat mystearje is ûndertusken oplost. It docht bliken dat tsjerken wêr't wijreek by de fieringen brûkt wurdt, folle minder troch houtwjirm oantaast wurde. Dêr giet de Bûnte Kjifkrobbe yn reek op.
Sicco Rypma