Kollum wike 22

Tiid is Jild

‘De Tiid hâldt gjin skoft‘

Dizze siswize stiet yn de advertinsje fan oannimmer Friso en restauraasje-bedriuw Jurriëns Noord efterop it Magazine fan Bolswards Historie. De  bedriuwen bouwe en restaurearre op it stuit Kultuer Histoarysk Sintrum De Tiid yn Boalsert. Moai en kreatyf fûn, want se moatte flink trochwurkje. Stel se hiene  keazen foar ‘De Tiid stiet net stil', dan hie dat ynienen folle minder de lading dekt. Want de tiid stiet ommers wól stil yn Boalsert no't de Stedhússtoer der ynklusyf oerwurk ôftakele is. Der binne noch hiel wat Boalserters dy't automatysk omheech sjogge om te sjen hoe let it is. In grut gemis dy wizerplaat, mar gelokkich komt it mei de tiid allegearre wer goed ha we lêzen.

 

By ‘de Tiid hâldt gjin skoft' soenen je ek betinke kinne dat der gjin tiid is om skoft te hâlden. Gjin pauze want it wurk moat op tiid klear. Sa tochten se ea wol by de streekferfierder mei de reade bussen, it Leeuwarder Auto Bedrijf (1920-1970). Wisten jo dat der boppe de yngong fan it LAB haadkantoar yn Boalsert ek ‘de tiid hâldt gjin skoft' stie? Mei as doel de sjauffeurs der op te wizen dat se harren oan de tsjinstregeling hâlde moasten. Mooglik is de LAB direksje dêrta ynspirearre troch de bushalte by Kimswert, dy hat de fraaie namme ‘Carpe Diem'; dat betsjut ‘brûk de tiid effisjint'.

 

Dit bringt ús wer werom by it Stedhûs yn it sintrum fan Boalsert, hjir moat ek tige effisjint wurke wurde, want Tiid is Jild.

 

Sicco Rypma



2023 FNP Fryslân - Disclaimer