COLUMN

Wat wy net sjogge


Doe't wy de kachel noch op swarte brant en turf stookten wie koalmonoksyde-fergiftiging (CO) in grut gefaar, der fûlen slachtoffers. Doe kaam it gas. Mar as de brâner fan de CV of geiser net goed ôfsteld is, binne jo ek de pineut. En hawwe jo in houtkachel, dan is mei namme goed fentilearje en de skoarstien profesjoneel reagje fan grut belang. Der stjerre alle jieren noch 10-15 minsken yn Nederlân en hûnderten bedarje yn it sikehûs oan CO-fergiftiging. Wy sjogge of rûke it net, it is in slûpmoardner.

 

De nijste bedrigingen foar minsken, bisten en natuer dy't wy mei it bleate each net sjogge, binne útputting fan ús grûn, leechfrequent lûd fan yndustry en wynmolens en fansels stikstof, pfas en 5G.

Hoe geane wy hjir mei om? Der binne twa streamingen: ûntkenne of serieus nimme. Ik kies foar it lêste. De oerheid en hieltyd mear minsken, ynstellingen en bedriuwen, wolle in ommeswaai om de stikstof- en pfasproblematyk op te lossen. Wy ride kalmer, der wurdt mear oars buorke, Lelystad Airport moat it húswurk oerdwaan en de Dikke van Dale is ferrike mei ‘vliegschaamte'.

 

Mar no oer de konsekwinsjes fan de ûnsichtbere 5G-strieling; dat is noch altyd punt fan diskusje. Ik lês: "Dit superrappe netwurk foar mobyl beljen kin fertraging fan de harsenfunksje feroarsaakje". Dus ha wy aanstons wol in rap netwurk, mar trage harsens. Dat sjit net op. Sa wurdt 5G de koalmonoksyde fan dizze tiid. Mooglik ferkeapje boumerken aanstons njonken CO melders ek 5G melders.

 

Sicco Rypma.



2023 FNP Fryslân - Disclaimer