Ferline jier stie der ûnferwachts in rekje mei miggeklappers op de toanbank fan de Blauhúster winkel. ,,Doch mar twa", sei ik. Ideaal, ien foar ûnder en ien foar boppe. Dan hoege jo nachts net de trep op-en-del om ‘de miggeklapper' op te heljen om dy ferfelende neef dea te slaan.
Dizze ympulsoankeap kaam fuort út frustraasje. De oprôle krante wie gjin sukses. Miggen binne o sa slim yn it oerlibjen, se sjógge de krante net oankommen mar fiele wol de twirre fan it oanstoarmjend gefaar. Boppedat, as it al raak is, hawwe jo in fize flek op it behang. Miggeklappers hawwe geniperige gatsjes, sûnder twirre.
Mar no lês ik in pear wike lyn ûnferwachts yn ‘e krante: ‘De sterfte onder insecten is zorgwekkend. Van deze ongewervelde bestuivers wordt 40% met uitsterven bedreigd'.
Der driget dus in tekoart oan ynsekten dy't blommen fan gewaaks en blossem fan fruitbeammen bestowe. De polityk bemuoit ‘m der ek al mei. Minsken wurde oproppen om rûnom it hús bijfreonlik blomsied te siedzjen. Mei de kampanje Steenbreek wurde tegels fuort helle, der komme bloeiende planten foar yn't plak. Mei namme it brûken fan gif wurdt as oarsaak sjoen, mar der wurde ek djoere ûndersiken nei ûnbekende gefaren oankundige.
Tsjintwurdich lis ik nachts net mear wekker fan gûnzjende neven, mar wol fan it idee dat ik, mei myn mar leafst twá miggeklappers, miskien wol mei-feroarsaker bin fan alle ellinde.
Moarn gean ik nei de winkel foar in pûde bijfreonlik sied. Nee, "doch mar twa"!
Sicco Rypma.