Krante a: "Der moat in Europeeske konvinsje komme om radio-aktive besmetting foar te wêzen": sei delegaasjelid prof. dr. J.H. de Boer op in grutte ynternasjonale konferinsje yn Genève. Krante b: Minister fan bûtenlânske saken mr. J.M.A.H. Luns is net optimistysk oer de ynternasjonale gong fan saken. Krante c: Minister mej. Dr. M. Klompé hat wichtige maatregels nommen foar it ynskriuwen fan wenningsykjenden oangeande ‘onbillijkheid' fan wachttiden. Krante d: Amerikaanske minister Dulles: "Ik leau net dat it Kremlin winsket dat ús lânen sa fier útinoar driuwe, dat de kâlde oarloch yn in echte oarloch oergiet". En, in rapport seit dat 200.000 Hongaarske flechtelingen harren yn ferskate lannen fan de frije wrâld festige hawwe.
Dat wie 1958. Hjoed de dei lêze we: "Wy binne besoarge dat gruttere bleatstelling oan 5G-strieling resultearret yn tragyske, net werstelbere skea". En, Europa sit klem yn in ring fan ynstabiliteit. En, gekte op huzemerk hâldt oan. We lêze ek hoe't slachtoffers fan ûnderdrukking en terreur frijheid sykje. Dat der noch altyd oarloggen drige te ûntstean. ‘Vluchtelingenwerk' meldt dat der ferline jier 68,5 miljoen minsken op e flecht wiene. Prediker sei it al: ‘neat nijs ûnder de sinne'.
Takom wike sneon 4 maaie is der wer Deadebetinking. It Nasjonale komitee skriuwt: "As Frijheid op de proef steld wurdt, moatte we har stevich omearmje". Set dat mar op de foarside.
Sicco Rypma.