Mear én Minder yn 2019
Wurde jo ek hieltyd faker befrege troch call centra oer fan alles en noch wat? “Wij willen u hartelijk danken voor uw gift, maar” of “voldoet de aankoop aan uw verwachtingen”? of “we doen onderzoek in uw regio”. Sucht.
"Ik tink fan it ien wat minder en it oar wat mear" (Sicco Rypma)
It kin ek oars, koartlyn wie de fraach oft ik mei-ite woe? Der wie ferlet fan gasten by in krystdiner fanwege de hospitality training. Se moasten oefenje yn etiquette en it betsjinjen fan drankjes en diner. Op sa'n fraach sizze jo gjin ‘nee' fansels. It wie ek noch op fytsôfstân. De ienige tsjinprestaasje wie nei ôfrin antwurd jaan op: hoe wie de ûntfangst, betsjinning en sfear? It mes snijde dy jûn oan twa kanten: it persoaniel koe oefenje en we hawwe hearlik iten. Boppedat smiet it ek noch moaie petearen op. Buorfrou frege: wat binne jo plannen foar 2019? Dêr moast ik efkes oer neitinke. Nei it sop hie'k in antwurd: ik tink fan it ien wat minder en it oar wat mear. Wat bedoele jo? Minder oarloch en geweld? Mear respekt en frede op ierde? Hawwe jo dêr dan ynfloed op? Goeie fraach. Undertusken hie de betsjinning it drok mei it haadgerjocht. Is der foldwaande fan alles? Hat it goed smakke? Wolle jo noch wat drinke? Nei it iis kaam de kofje: gewoan? espresso? cappuccino? Doch mar gewoan. Ik seach de lange tafel mei 40 gasten oer, minsken praatten allegear mei-inoar en hienen wille. En doe wist ik it yniens, ik wol yn 2019 minder oan de telefoan en mear oan lange tafels.