Douwe Blom - Riedslid

PROFIELFOTO Douwe Blom kopie

Wenplak:

Drylts

 

E-mail:

douwe.blom@fnp.frl

 

Tillefoan:

06 15 12 21 96

 

Kommisje:

 Bestjoer en Finânsjes

 



Ik bin Douwe Blom en wenje yn Drylts. Yn Súdwest-Fryslân wenje ik mei folle nocht. Wat my oanbelanget ha wy hjir alles wat it libben moai makket. It brûst hjir alle seizoenen! En rêst, romte en natuer binne noait fierder fuort dan in amerijke fytse, rinne of farre.
Yn myn frije tiid doch ik mei folle nocht en wille oan karate. Ik assistearje by lessen, bin frijwilliger by eveneminten en train natuerlik regelmjittich.
Polityk ha ik altiten nijsgjirrich fûn. De FNP is myn partij, in partij fan romtinkende en pragmatyske minsken.
Ik bin er fan oertsjûge dat wy Friezen bêst yn steat binne ús eigen takomst foarm te jaan.  Wy hoege hjir net in Hollân yn it lyts te wêzen, lit ús mar in Fryslân yn it grut wêze.
Ús taal, aard en kultuer binne fan in kwaliteit dy’t wy net fersmite moatte. As riedslid tink ik mei hoe’t de FNP hjir wach foar stean bliuwe kin.


2022 FNP Fryslân - Disclaimer