NIJS   15-04-2022


Henk de Boer kandidaat-wethâlder FNP Súdwest-Fryslân


Henk de Boer (55) is kandidaat-wethâlder foar de FNP Súdwest-Fryslân. De Boer wennet op De Hommerts en is op it stuit manager Engineering by Polem B.V. op ‘e Lemmer. De Boer is troch de FNP foardroegen as kandidaat-wethâlder foar de, troch ynformateur Hetty Janssen advisearre, koälysje fan PvdA, CDA en FNP.

De Boer: "Ik bin in Fries yn ieren en sinen. Ik mei graach it fjild yn as neisoarger, simmerdeis keats, fyts en fuotbalje ik en yn ‘e winter stean ik sa gau as mooglik op redens op natueriis. Bestjoerlik bin ik aktyf foar doarpshûs ‘Oan it Far' en bin ik belutsen by de tsjerke en aktiviteiten dy't yn ús doarp en doarpshûs plakfine

Troch syn wurk as manager foar Polem, Bilfinger Tebodin, NAM, Gasunie en Paques hat De Boer in protte ûnderfining opdien yn grutte organisaasjes.

Henk de Boer is troud en hat trije bern, wêrfan twa útwenjend.

 

Foar kontakt

-       Kandidaat-wethâlder Henk de Boer 06 1658 2537

-       FNP-fraksjefoarsitter Tsjerk Bouwhuis 06 2463 1048

 

 

Henk de Boer FNP

 

 

 

 


 



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer