NIJS   21-10-2019


Utnûging

Wat giet goed en wat kin better yn Súdwest-Fryslân

Moandei 28 oktober is der wer in ynrinjûn mei as titel ‘Op e kofje by de FNP', ditkear yn de Doarpskeamer fan Molkwar. 

Bedoeld foar ynwenners, ferieningen en ynstellingen rûnom Molkwar. Fan Hylpen oant Himmelum en fan Warkum oant Warns. 
FNP Súdwest-Fryslân organisearret dizze jûnen mei as doel te hearen: ‘wat giet goed en wat kin better yn Súdwest-Fryslân'? 

Fraksjefoarsitter Corrie Bergstra: "We folgje ûntwikkelingen aktyf, mar heare ek graach fan de minsken sels wat der mear spilet". 
Elkenien is wolkom foar fragen en opmerkingen. It kin oeral oer gean, sa as lânbou, kultuer, skoallen, sport, wmo, ferkear, toerisme, ôffal en kommunikaasje. 

 

Neffens riedslid Sicco Rypma is ien fan de meast stelde fragen út de wide omkriten fan Molkwar

Hoe komt it mei ús doarpshuzen en oare foarsjenningen en wêr giet it jild fan it grutte wynpark yn de Iselmar hinne?



Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer