NIJS   29-09-2019


Fragen FNP oer ferpaupere pân It Noard 55 yn Warkum

Warkum is ien fan de 11 stêden fan Fryslân. Warkum hat it moaiste plein fan Fryslân en is ryk oan moaie gevels. It Noard en it Súd binne oanwiist as beskerme stedsgesicht. Binnen dat beskerme stedsgesicht wurde de gevels goed ûnderhâlden, útsein it pân Noard 55 Warkum. Sûnt begjin 2000 ferpaupert it hyltyd mear. De ynwenners fan Warkum steure har deroan en freegje har ôf werom der neat bard.

  De FNP hat it kolleezje/de boargemaster fersocht de folgjende fragen te beäntwurdzjen:

  

1.    Is ferpaupering fan it pân Noard 55 yn Warkum bekend bij jo kolleezje en is der oerlis mei de eigner?

2.    Hokker belied is der yn Súdwest-Fryslân om ferpaupering fan gebouwen, mei namme yn beskerme steds- en of doarpsgesichten tsjin te gean?

3.    Hat it kolleezje konkrete plannen om ferpaupering fan Noard 55 Warkum tsjin te gean?

 

Dit pân is sûnt 2016 yn byld by it ‘Team Herbestemmen'. 

Ek ferskate organisaasjes yn Warkum sels hawwe anneks west mei Noard 55.

Der is ûnder oare ûndersyk dien nei de mooglikheden fan in wen-/winkel-/kantoarfunksje yn dit pân, mar dat is neat wurden omdat de partijen it net iens wurde koene oer de ferkeappriis. 

 

De eigner, dy't mear ûnreplik guod yn eigendom hat yn Súdwest-Fryslân, hat ek sels ferskate aksjes dien, wêrtroch de ferwachting wie dat it pân opknapt of ferkocht wurde soe. Foar de simmer krigen wy te hearren dat it pân ferkocht wie, mar letter die bliken dat dit dochs net sa wie. 

 

Us gemeentlik ‘Team Toezicht en Handhaving Omgeving (THO)' wie al earder belutsen, en hat yn 2018 yn petear west mei de eigner en syn kompanjon oer de feilichheid en it uterlik fan it pân (en oer de fraach wat hy fan doel wie om de boel te ferbetterjen). De kompanjon seach mooglikheden yn it pân.

Doe is ek oan it ljocht kommen dat it ûnderhâld gjin sprekken lije kin, en dat periodike kontrôle winsklik is.

 

Ein 2016 is de notysje ‘Van Leeg naar Leegstand' fêststeld, mei ‘input' fan de gemeenteried nei in opiniearjende gearkomste. 

Yn de nije Welstandsnota stiet in oanfolling op de saneamde ‘excessenregeling', dy't giet oer hanthavenje by grouwélige oantaasting fan it uterlik fan in pân troch ‘actief handelen'. Sûnt 2019 kin de gemeente ek aksje ûndernimme as in eigner de boel slim ferrinnewearje lit. Dit wurdt dan ‘ekses' neamd. Foarhinne koe foaral hanthavene wurde as de feilichheid yn 'e knipe komt.

 

Noard 55 is in kompleks dossier. It is partikulier eigendom en de eigner kin der mei dwaan wat hy wol, nei eigen goedtinken. Dochs hat de gemeente no in begjin makke om alle ynformaasje oer dit pân te garjen en op 'e rigel te setten. Yn oerlis mei Team THO en it Team Herbestemmen binne se no dwaande mei

it meitsjen fan in ‘stappenplan'. It begjint mei in iepen petear mei de eigner, al wurdt tagelyk ek ûndersocht op hokker grûnen it mooglik is te hanthavenjen.

 

 

Noard 5520190828 145721

 

  

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2022 FNP Fryslân - Disclaimer