NIJS   06-04-2019


Ynbring FNP by Riedsfergadering SWF tongersdei 4 april 2019

Dit riedsstik moat sawol foar de ûndernimmer as omwenjenden dúdlikens opleverje foar de takomst.
Hoe kin de ûndernimmer fierder en hoe krije de omwenjenden wer rêst.


"FNP is tsjin útwreiding fan De Soal 4 Himmelum" (Fraksje)

Bestimmingsplan Hemelum De Soal 4

It Riedsstik hat ûndertusken 42 bylagen. En dan ha we it noch net iens oer de eardere riedsstikken, antwurden op skriftelike en technyske fragen, moasjes en amendeminten. 


De FNP hat by har oardiels-foarming goed sjoen nei it foartrajekt wêr provinsje en gemeenten in rol spile hawwe. Is de situaasje fergelykber mei oare dossiers?  

 

Hjirby ha we ús NET liede litten troch emoasjes, dy rûnenbetiden heech op, ek binnen ús eigen FNP yn SWF. 

 

By ús oerwagings sjogge we WOL nei it Riedsstik mei bylagen fan it kolleezje, ynsprekkers en sjenswizen fan fóar en tsjinstanners, presintaasje troch de ûndernimmer, we hawwe dielnommen oan de wurkbesite oan it bedriuw en ynformaasje- jûnen fan ynwenners. We binne belle maild appt. 

 

In bûtensteander sei lêsten: Wat is no krekt it probleem?

-       It probleem is dat der yn it fiere ferline ferwachtingen skept binne 
(troch gemeente en provinsje)

-       Dat soks gjin frijbrief is 

-       en dat SWF it no oplosse mei 


Om ta har beslút te kommen hat de FNP ûnder oare rekken hâlden mei de ‘aard en skaal' fan it bedriuw

  • Aard. Bewenning en yntinsive feehâlderij ferdrage inoar net
  • Skaal. De útwreiding fan bebouwing en fee-beslach is grut foar dizze lokaasje

  • Dat wie dan ek de reden dat de FNP 5 oktober 2017 by de behanneling fan it Bestimmingsplan Bûtegebiet fóar it amendemint stimd hat wat seit: De Hemelumer Hoeve te bestimmen yn de hjoeddeiske steat oangeande omfang, kapasiteit en funksje. (Dizze is doe unanym oannommen)


Dêrmei wie de FNP dus DOE AL fóar ferbettering wolwezen fan de bisten, fóar goede miljeu maatrigels, fóar duorsumme bedriuwsfiering en fóar lânskiplike ynpassing. 

It mei dúdlik wêze de FNP is tsjin útwreiding fan De Soal 4 Himmelum. 

 

Bargen

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer