NIJS   23-02-2019


Wurkbesite Warkumerwaard en Frysk Museumdoarp

Fannemoarn hat de FNPswf mei minsken fan de Agraryske Natuerferieniging De Sudwestkust...

"Leare oer it ferline" (Douwe Blom)

Fannemoarn hat de FNPswf mei minsken fan de Agraryske Natuerferieniging De Sudwestkust (sudwestkust.nl) praten op lokaasje yn'e Warkumerwaard. Goed 200 frijwilligers binne dwaande binnen dit kollektyf om de biodiversiteit en natuerynklusive lânbou te befoarderjen. De fraksje is bypraten oer hoe dit belangrike wurk útfierd wurdt en oer projekten dy't no rinne. Sa binne se dwaande mei boeren en oare lanskipsbehearders, om derfoar te soargjen dat de greidefûgelstân ferbettere wurdt. Troch mear "plas-dras" gebieten te meitsjen. Ek ha se ús ferteld oer it projekt yn'e Warkumerwaard om it wetterpeil omheech te krijen. Hjirtroch kinne, sa is de ferwachting, mear greidefûgelpiken útgroeie ta folwoeksen fûgels. Mar ek troch ôfrastering de foks en stienmurd te behinderjen it gebiet leech te rôvjen.     


Yn Allingawier hat fraksje in besite brocht oan it Frysk Museumdoarp (hetfriesemuseumdorp.nl ). It hat efkes spannend west foar dit iepenloft museum, it wie hast ticht gien troch jildpine. Gelokkich sit der no in entûsjaste klup minsken dy't graach it doarp nei in heger plannen tille wolle. Sa is der in nij horeca-diel realisearre en kin hja hjirtroch gruttere groepen ûntfangen. It museumdoarp is unyk yn Nederlân omdat de gebouwen op en rûn de terp fan oarsprong hjir stean. Dit yn tsjinstelling tot Inkhûzen. Doarp en omjouwing fertelle it ferhaal fan hoe yn it ferline de minsken hjir libben mei it wetter en fan it lân. En dermei it ferhaal fan in grut part fan Súdwest-Fryslân. Der binne plannen en ideeën by de rûs om it museumdoarp mear te profilearre. En sa it besteansrjocht te behâlden. It museumdoarp sjocht harsels net allinne as in toeristenattraksje mar ek as in plak foar eigen ynwenners om te learen oer it ferline. Derfoar is hja no opsyk nei jild. Hja hopet dat de gemeente yn har nije erfguodbelied en museumbelied hjirfoar romte makket. 

PHOTO 2019 02 23 16 04 34

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer