NIJS   22-02-2019


Tiisdei 5 maart yn de Wijnberg fan Boalsert: ‘Komt der in Akwadukt by Boalsert’

"Komt der in akwadukt by Boalsert?" (Fraksje)

undefined

Under de titel ‘Op de kofje by' organisearret FNP Súdwest-Fryslân rûnom yn de gemeente ynrin-jûnen foar ynwenners, 
ferieningen en ynstellingen. It doel is om te hearen: ‘wat giet goed en wat kin better yn Súdwest-Fryslân'?

De folgjende ‘Op de kofje by' is tiisdei 5 maart der jûns 19.30 oere yn De Wijnberg, Marktplein 5, Boalsert.

It kin oeral oer gean, sa as lânbou, kultuer, skoallen, sport, wmo, ferkear, toerisme, ôffal of kommunikaasje. 
Mar ek: hoe komt it mei it busstasjon, sporthart, Histoarysk Sintrum (Stedhús) of wentebou?

 

Ien fan de meast stelde fragen is op it stuit: komt der in Akwadukt yn de A7 by Boalsert?
FNP fraksjefoarsitter Corrie Bergstra: "Koartlyn ha we mei de wurkgroep út Boalsert ôfpraten dat we ús dêr hurd foar meitsje sille".

 

Tiisdei 5 maart binne de ynwenners fan Súdwest-Fryslân tusken 19.30 en 21.30 oere wolkom by de FNP yn De Wijnberg.  
Corrie Bergstra: "Elkenien is wolkom foar fragen en opmerkingen, de kofje stiet klear".  

 

FNP Súdwest-Fryslân is mei 5 riedsleden goed fertsjinwurdige yn de  gemeenteried fan Súdwest-Fryslân.

Poster op de kofje Boalsert

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer