NIJS   28-06-2017


ûntwikkelaginda 2017-2021

Nei jierren, wêre yn de gemeente Súdwest-Fryslân flink besunige wurde moast, brekt der in perioade oan dat it húshâldpotsje wer wat better fuld is.

Yn de riedsgearkomste fan 15 juny 2017 stie ek de ûntwikkelaginda 2017-2021 op de wurklist.

 

Dit betsjut dat ynwenners wer wat fan de gemeente ferwachtsje kinne.

 

Sa as b.g.it stedhûs yn Boalsert, sûnt it begjin dan dizze gemeente wurdt der al oer praten en no mei noch in oanfulling fan 1 miljoen út de ûntwikkelaginda  kin der útein setten wurde mei de reälisaasje fan it Histoarysk Sintrum Westergo yn Boalsert.

 

De FNP-fraksje is der wiis mei dat foar de Untslúting Starum, neist de 200.000,= tariedingskosten der ek 1 miljoen foar de rûnwei Warns reservearre  wurdt.

Mei dat de provinsje yn har kadernota ek 1 miljoen reservearre hat, is it goed dat it lêste stik,

Rûnwei Warns ek reäliseard wurde kin.

 

Yn de klusteraginda ha wy sjen kinnen dat de belutsenheid fan ús ynwenners grut is en dat der fan ûnderen op genôch ynisjativen binne foar in leefbere gemeente.

B.g.feilige fytspaden foar skoalgeande bern, glêsfezel en betelbere hier- en keapwenten.

 

FNP fynt dat dizze ynisjativen fanút de mienskip mear stipe en jild as ynearsten de bedoeling wie fertsjinje.

En hat dan ek it PvdA amindemint mei yntsjinne yn om neist de 500.000,= nochris 700.000,= foar ynisjativen fanút de mienskip beskikber te stellen.

 

En om foar de fernijïngsplannen foar it Museum Hindeloopen 300.000,= te reservearjen.

Foar de FNP wichtich dat de ryke skiednis, skilderskeunst, klederdracht en taal fan Hylpen

op in beskerme en foar elk berikber plak bewarre bliuwt.

 

FNP Corrie Bergstra klein

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Corrie Bergstra, fraksjefoarsitter.



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer