NIJS   30-10-2016


Jikke Ruiter oer gemeentelik Sportbelied

Mei de kommisje Boarger en Mienskip fan woansdei 26 oktober is it gemeentlik Sportbelied evaluearre.

Evaluaasje Gemeentelik Sportbelied

 

FNP kommisjelid Jikkie Ruiter oer it gemeentlik sportbelied:

 

"Der is in protte bard op it mêd fan sport de ôfrûne jierren:48 % fan de beliedsfoarstellen binne helle en 26% is yn gong setten. In prachtich reseltaat.

Dat  trije ûnderdielen fan de skoallen net helle binne liket ús logysk. Skoallen moatte hun eigen prioriteiten stelle en ha faaks eigen belied. Hjir kin de gemeente heechút stimulearje.

 

Der leit in prachtige list mei oanbefellingen, as FNP tinke wij dat de klam lizze moat op it lêste part fan de oanbefellingen: De ‘verenigings-ondersteuning'. As FNP sjogge wy dat it ferieningslibben ûnder druk stiet, ek sportferienigingen hawwe it hieltiten dreger om oan te sluten by de winsken fan de hjoeddeistige konsumint. In wyk, doarp of stêd hat ferlet fan plakken wêr't minsken byinoar komme, harren fermeitsje en harren ûntwikkelje kinne. De Buursportcoaches as helpmiddel dêrta ynsette is in goeie set, mar dit freget yndied, sa as de evaluaasje meldt, om draachflak, transparânsje en gearwurking. Sa kin der dan ek, mei troch de ynset fan Buursportcoaches in ferbining lein wurde tusken wykgebouwen, doarpshuzen, sportferieningen en skoallen".

De evaluaasje stiet hjir, agendapunt 9 Commissie BM d.d. 26 oktober 2016

 

jikke

 

 



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer