NIJS   10-03-2022


FNP wol pont tusken Hommerts en Langwar

As it oan de FNP yn Súdwest-Fryslân leit, komt der in fytspont tusken De Hommerts en Langwar.

 

Dit pont ûntslút dan de Súdwesthoeke fan Fryslân mei De Fryske Marren en fierder. Fytsers dy't út de omkriten fan Warkum en Heech nei Langwar of De Jouwer wolle (of oarsom), moatte no oer Snits of fia Spannenburg, dat skeelt aansten 20 km.

Ynwenner fan De Hommerts, Henk de Boer: "We wolle as FNP nei de ferkiezings graach mei dit plan oan de gong, ûnder oare yn gearwurking mei de doarpsbelangen, Marrekrite, Waterland van Friesland, fytsersbûn, gemeenten en Rykswettersteat". Yn dit proses sil it hearen fan omwenners net ûntbrekke, sy binne bekend mei de omjouwing.

Fytspontsjes wurde hieltyd populêrder yn Fryslân, it farseizoen is sûnt 2021 dan ek flink ferlinge. Sawol ynwenners as toeristen meitsje der tankber gebrûk fan. De VVV hat al in spesjale brosjuere mei as titel ‘Oerstekke' útbrocht.

De FNP wie earder al op wurkbesite by it Terhernster Veer; dêr is it ek slagge om in fytspont oer it Margrietkanaal te realisearjen en is no in grut sukses.

Henk de Boer: "dan soe it by ús, tusken De Hommerts en Langwar, ek slagje kinne".

 

Foar de redaksje:

-       Bylage: Striptekening

o   Tekene troch Studiovanbeek - illustratie, cartoon, strip yn opdracht fan de FNP

o   Frij om te brûken

-       Foar kontakt

o   Henk de Boer 06 1658 2537

o   Sicco Rypma 06 3890 9704



Downloads:
FNPlangweerpont.pdf


Tags: Algemien

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer