NIJS   15-01-2017


FNP goed staazje adres foar studinten

Sanne de Vries studint fan de Thorbecke Academie hat yn opdracht fan de FNP Súdwest-Fryslân ûndersyk dien.

Thorbecke studint docht ûndersyk foar FNP-SWF

 

Drylts - Sanne de Vries studint fan de Thorbecke Academie hat yn opdracht fan de FNP Súdwest-Fryslân ûndersyk dien. De fraach wie: ‘Hoe kin FNP yn Súdwest-Fryslân har doelgroep noch better berikke foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen'. Troch it útsetten fan in online enkête ûnder benammen FNP'ers is dit ûndersyk súksesfol útfierd.

 

It tredde jier fan de oplieding "Bestuurskunde en Overheidsmanagement" oan de Thorbecke Academie bestiet út in heal jier staazje. Yn dit healjier docht in studint yn opdracht fan in organisaasje ûndersyk as wurdt meiwurke oan in evenemint as kampanje. Studinten dogge wurkûnderfining op en hawwe dertroch mear kâns op wurk. In soad wurkjouwers nimme minsken yn tsjinst dy 't se al kinne. Yn ‘e praktyk is it lykwols net altyd like ienfâldich om oan in goede staazje te kommen. Mei dêrom hat de FNP Súdwest-Fryslân in staazjeplak beskikber steld. "Jo kinne der wol oer prate hoe dreech oft it is, mar it like ús better om der wat mei te dwaan" seit Jelle Gerbrandy, riedslid fan de FNP. "Yn juny ha wy in fakatueretekst skreaun en de Thorbecke Academie frege om dizze te pleatsen. Foar de boufakânsje wie der in kandidaat dy 't ynteressearre wie". Dizze kandidaat, Sanne de Vries, hat yntusken har staazje ôfsluten mei in 8,3.

 

WP 20161221 001

 

  Fraksjefoarsitter FNP Steatefraksje Corlienke de Jong lokwinsket studinte Sanne de Vries

 

Undersyk en konklúzjes

Sanne hat foar de FNP ûndersyk dien nei hoe 't de FNP har doelgroep noch better berikke kin foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 2017. Under begelieding fan fraksjemeiwurker Yde Dykstra fan de FNP Fryslân is op akademyske wize wurke oan it ûndersyksrapport. Mei help fan in online enkête is de ûndersyksdata binnen helle. It dataferwurkingsprogramma SPSS hat dernei analyzen draait. "Hierbij heb ik hulp gehad van een medewerker van het Fries Sociaal Planbureau. Hij heeft mij geholpen bij het opstellen van de vragenlijst en ook tips heeft gegeven hoe ik de data het beste kon verwerken", aldus Sanne.

 

 

Thorbecke

Sanne is ûndertusken begien oan it twadde part fan har tredde jier. Ut Londen wei, wer't sy fakken oan de University of Roehampton folget, jout se oan dat staazjerinne by in politike organisaasje har goed befallen is. Sanne: "Ik heb een zeer goede indruk gekregen van waarmee de griffie zich bezighoudt, kan me best voorstellen dat ik later ook op een griffie werk". FNP beaamt dat de staazje goed slagge is. Sawol op gemeentlik nivo by de griffy as op provinsjaal nivo by de FNP Steatefraksje hat Sanne ynsichten opdien dy't har helpe kinne by har takomstige karriêre. Ek de oplieding fan de Thorbecke Academie is entûsjast oer dit staazjeplak ha sy de FNP witte litten.

Har staazje is offisjeel ôfsluten mei in presintaasje troch Sanne en in kado en tankwurd fan de FNP.

 

170105 Staazje by de FNP SWF foto

 

 

 

  Jelle Gerbrandy, riedslid FNP Súdwest-Fryslân is tige wiis mei it resultaat fan Sanne har ûndersyk

 

Kontaktpersoan foar de FNP

Jelle Gerbrandy, riedslid FNP Súdwest-Fryslân



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer