NIJS   20-10-2016


FNP-stand op Bolletongersdei

BOALSERT - De soarch en wurk stie mei stip op ien by de 300 besiters oan de FNP-stand juster op Bolletongersdei yn Boalsert.

Yn totaal 175 minsken fûnen dat der nei wurk en soarch' wol wat ekstra belestingjild hinne kin. It monumintale Boalserter stedhûs, frijwilligerswurk, sport en muzyk koenen it net winne fan ûnderhâld diken, fytspaden en iepenbier grien.BolletongersdeiFoto

FNP bestjoerslid Tineke Algra: ,,Iin dúdlike útslach. We krigen ek noch fragen oer de gemeentelike tsjinstferliening en it gemis fan glêsvezel op it plattelân".

Algra: ,,We traktearre altyd op Fryske drûge woarst, dan meitsje we tagelyk in praatsje, dat smyt in protte fragen en positive reaksjes op. Takom jier binne we der wer"!

 

link: sneker nieuwsblad

 

Bolletongersdei2016



Tags

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer