By it MFC "It Harspit"yn Toppenhuzen wiene kreamkes oanwêzich fan groepen dy't harren soargen meitsje oer de gaswinning yn Fryslân. Tink oan "Laat Top en Twel niet zakken", "GasTvrij Terschelling" en ek politike partijen lykas de SP, PvdA, GrienLinks en ús eigen FNP.
Fan 11.00 oere ôf wiene der sprekkers. Rûn 12:00 oere binne wy mei in protestmars rjochting it tagongshek fan de gaswinlokaasje rûn om dêr in grut ferbodskrús fan 3 by 3 meter te befêstigjen oan it stek.
It wie in polityk oerstiigjende manifestaasje wêrby de politike kleur net it wichtichste wie. De oanwêzige partijen ha dúdlik makke dat sy har nocht hawwe! Sawol de provinsje Fryslân, de gemeente Súdwest-Fryslân en doarpsbelang Top en Twel ha sjochwizen yntsjinne op it winningsplan dat ta besjen lein hat (sjoch bylagen).
Second opinion
Nei oanlieding fan in moasje fan 4 juny 2016 hat de gemeente SWF in second opinion op de berekkening fan Vermillion útfiere litten. De hear Ir. A. Houtenbos is in ûnôfhinklink autoriteit op it mêd fan boaiembeweging. Hjirûnder de wichtiste konklúzjes fan dhr. Houtenbos:
Vermillion is fan plan gas te winnen út it Toppenhuzerfjild. It ferwachtet in boaiemdelgong fan 11 mm mei in útrin oan't maksimaal 20 mm. De kâns op ierdbevings soe ferwaarloosber wêze. Ir. Houtenbos syn ûndersyk toant oan dat de boaiemdelgong troch gaswinning 4 oan't 8 kear grutter wêze sil dan yn it winningsplan fan Vermillioan Ofset tsjin de winning út it Grinzer fjild of tsjin de totale Nederlânske ferbrûk is it Toppenhuzer fjild in druppel op in gleone plaat. De kâns op ierbevings is 19%. Dhr. Houtenbos syn resultaten binne hjirûnder gearfette.
Jelle Gerbrandy
riedslid DSO