Bêste FNP-freonen,
Earlik sein fyn ik dat nije jier nea sa spannend, mar wol dy lêste wike fan it âlde jier. Dat is in wike fan efkes oer't skouder sjen. Wat ha ik as wethâlder yn de Gemeente Súdwest-Fryslân dien? Ha ik hjir en dêr (net bedoeld) minsken skeind? Binne der saken dy't ik miskien oars dwaan moatten hie?
Ik moat sizze dat levere in moai listke op. Ferdield yn trije kopkes: Dat moat oars; dy moat ik sprekke en dat wol ik perfoarst realisearje.
Dat moat oars, wie net sa'n lange list.
Hjir en dêr geane de dingen net sa't ik dat wol en dat moat oars. Ik ha foar
mysels betocht wat ik dwaan kin/moat om oaren te helpen dingen oars te
dwaan. In gemeentlike organisaasje sjocht en docht dingen somtiden wat dreger
as dy binne. Ek moat ik in wize fine om dat wat der bart better te fertellen. Wy
dogge prachtige dingen, mar wa wit dat? En earlik: hjir en dêr moat ik ek sels in
oare ynstek nimme; better neitinke of dingen krekt net dwaan.
Dy moat ik sprekke (ynwenners as meiwurkers) wie wol in aardige list. Hjir en dêr litte wy as gemeente kânsen lizze om't minsken, wy mar ek ynwenners, net yn beweging komme. Ek binne der minsken dêr't ik sels nedich efkes mear oandacht oan jaan moat om in ûntwikkeling fierder te helpen. Of minsken dy't ik wat fergetten bin yn de ‘waan van de dag'. Faaks leveret dit ek wer nije ynsichten en dat is altyd goed. Alle minsken binne nedich om mei inoar de goeie dingen te dwaen.
Dat wol ik dwaan wie, as meastal, in stevige list. En de measte punten hiene te meitsjen mei it ferbinen fan minsken, inisjativen, organisaasjes, bedriuwen. Want neffens my is dat foaral myn rol. Ferbine en dêrmei sterker meitsje. Hoe faak bart it net dat ik yn petear bin mei groepen, organisaasjes as yndividuele minsken út in selde omjouwing, dy't inoar amper kinne as sprekke. As sy dat wol diene dan kinne hja mei inoar in steviger ferhaal delsette. Dêr sil myn aksint lizze it kommende jier. Mear sjen op kearn- as gebietsnivo en dan de goeie ferbiningen ta stân bringe. Wy sille dochs mei inoar oan de slach moatte.
Wat my oanbelanget komt dêrby it mear wurdearjen fan it ynisjatief fan ús ynwenners. Hja witte ommers skoan hoe't hja de eigen omjouwing ynrjochtsje en ûnderhâlde wolle. Hja witte ek wat nedich is om in libbene mienskip bliuwe te kinnen. Hoe soene wy dat foar elkenien witte kinne. Sterker noch: dat kin in fertsjintwurdiger nea foar elkenien witte. Lústerje dus. Fasilitearje. Oan alles. Néé der binne grinzen. Somtiden jild, mar ek rjochtingen dy't foar oare minsken kwealike gefolgen yn har ha.
Koartsein: wy geane dit jier noch mar moai troch. Ik hoopje mei jimme stipe. Lit my witte hwat jimme sjogge, hearre, rûke.... hawar wat jimme tinke dat oandacht ha moat.
Ik hoopje dat elk dat lytse stikje dat wy sels yn de hân ha posityf brûke om sa de it wrâldsje fan in oar en foar josels in stikje better te meitsjen. As wy al dy lytse wrâldsjes oan inoar knoopje dan stiet der ein 2016 fêst in bytsje bettere wrâld yn Súdwest-Fryslân.
Ik winskje jimme Lok & Seine en ús allegearre in prachtich en sûn 2016.
Durk Stoker
Wethâlder nammers de FNP