Wêrom FNP?
By de FNP giet it om de minsken
In libbene mienskip yn alle doarpen en stedswiken.
Wy wolle it bêste ûnderwiis fan it lân
Trijetalich ûnderwiis (Nederlansk, Ingelsk & Frysk) dat bern klearmakket foar de wrâld.
Wy easkje in betroubere oerheid
Gjin prestiizjeobjekten op kosten fan de ynwenners.
Wy wolle kultuer op fytsôfstân
Dat betsjut dat goeije fersjennings tichteby de ynwenners wêze moatte.
Wy wolle foarút, in nije ekonomy
Dat kin as de hiele gemeente mei glêsfezel te beriken is
Wy binne grutsk op ús lânskip
Grutte plannen en útwreidings meije allinne as dit yn it lânskip past.
Foar de FNP hie de weryndieling yn'e Súdwesthoeke net sa grutskalich hoecht. No't de kûgel troch de tsjerke is wol de FNP him foar de folle hûndert persint ynsette foar de minsken yn de nije gemeente.
Eigen en fertroud
Dat is it boadskip fan de FNP oan de ynwenners fan de nije gemeente.
Mei dizze hiemside wolle wy de ynwenners fan de nije gemeente ynformearje oer de hjoeddeiske stân fan saken en de miening fan de FNP dêryn.